Boarterstún bestiet 75 jier

26 apr 2008 - 14:23

De âldste boarterstúnferiening fan Fryslân fierde freed it 75-jierrich bestean. De Gerard_Dou_boarterstún leit yn 'e Ljouwerter wyk Huzum-West. Hy is te berikken troch in poartsje yn 'e Gerard Doustrjitte.

In soad is der net feroare yn dy 75 jier, útsein wat nije boarterstastellen. Wol fynt de feriening it hieltyd dreger om frijwilligers te finen dy't meihelpe wolle yn it bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)