Foekje Dillemaseal iepene

© Omrop Fryslân
Yn it doarpshûs fan Boerum is sneon in Foekje_Dillemaseal iepene. Leden fan gymnatiekferiening DES ûntbleaten it nammebuordsje. Dillema wie jierrenlang liedster, bestjoerslid en lid fan de feriening. Yn de jierren fjirtich wie se ien fan de beste atletes fan de wrâld, mar nei in seksetest mocht se fan de atletykuny nea wer oan wedstriden meidwaan. Nei har ferstjerren krige Foekje earherstel.
Ta eare fan it 600-jierrich bestean hâldt Boerum sneon ek in doarpreuny.