Buorden fuort by Ryptsjerk

26 apr 2008 - 10:36

De Oranje Commissie fan Ryptsjerk hat foar hûnderten euro's skea, trochdat ûnbekenden reklamebuorden foar Keninginnedei fuorthelle hawwe. Der wiene fjouwer buorden, trije dêrfan binne fuort.

De buorden stiene oan de E10 op Swarteweisein en op de Westerdyk rjochting Ryptsjerk. De Oranjekommisje hat oanjefte dien by de plysje. Allinnich al de belettering fan de buorden koste de kommisje hast hûndert euro it stik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)