Werle wint en stiet twadde

25 apr 2008 - 21:34

Skaker Jan Werle út Beetstersweach docht it poerbêst op it EK skaken dat yn Plovdiv yn Bulgarije hâlden wurdt. Hy wûn fan 'e middei mei de wite stikken syn partij tsjin de Oekraynske grutmaster Kryvoruchko. Werle komt dêrmei op in dield twadde plak mei 4,5 punten út 5 partijen. Werle wie as 96ste pleatst.

Hy moat sneon spylje tsjin de favoryt Movsesian, dy´t as earste pleatst is en like folle punten hat. Der dogge goed 300 spilers mei oan it EK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)