Ofskied Nijpels fan Steaten

25 apr 2008 - 16:12
  • Nijpels jout de foarsittershammer oan fise-foarsitter Benedictus
  • Nijpels set mei frou Elsbeth ôf op it steatejacht

De provinsje is net populêr by de ynwenners, mar wol needsaaklik yn it iepenbier bestjoer. Fryslân moat him dan ek selsbewust opstelle rjochting it regear yn Den Haach. Dat sei Ed Nijpels freed by syn offisjele ôfskied as Kommissaris fan de Keninginne.

Yn in offisjele gearkomste fan Provinsjale Steaten wiene der ferskate taspraken. Deputearre Sjoerd Galema priizge Nijpels as in grut bestjoerder dy't Fries ûnder de Friezen wurden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)