Walfisk Woudwyk wer makke

De walfisk op it droege
De walfisk, in keunstwurk fan Anne Woudwyk, hat wer in plak. It keunstwurk stie fan 1993 oant ein 2001 yn de Waadsee by de pier fan Holwert, mar waard troch in fearboat fan Wagenborg fan syn sokkel fearn yn tsjokke mist. Dêrnei hat it keunstwurk 7 jier op it droege lein.
It keunstwurk is no wer makke en werompleatst. Op it droege, flakby de fearboatterminal yn Holwert. Yn see kin net mear fanwege tefolle risiko's.