VVV yn Warkumer Waach

VVV teplak yn de Waach
Yn Warkum is freed it nije VVV-kantoar offisjeel iepene troch boargemaster Boekhoven fan Nijefurd. It kantoar sit yn de monumintale Waach yn it sintrum fan Warkum. Oer in pear moanne komt ek it museum Warkums Erfskip noch yn dit gebou. De Waach is hielendal ferboud.
Yn 2006 is de VVV Friese Kust fallyt gongen. Ferline jier binne de kantoaren wer iepengien, mei in nije organisaasje. Mei-inoar binne der no fjouwer kantoaren. Dy binne, neist Warkum, yn Hylpen, Koudum en Starum.