Ambulânseboat yn gebrûk

De ambulânseboat fan it Antoniussikehûs
Oare wike wurdt de ambulânseboat fan it Antoniussikehûs yn Snits yn gebrûk naam. Dy rubberboat hat allerhande medyske apparatuer oan board. Mei it sylevenemint de Dutch Youth Regatta yn Warkum sil de boat patrouille farre. Oan dit evenemint dogge 700 bern mei.
Ek by oare grutte wettersport- evenminten sil de boat ynset wurde. Mei de ambulânseboat wol it Antoniussikenhûs de feiligens op it wetter fergrutsje, se wolle ek ít wettersportsikehûs fan Nederlân wurde.