Utstel audysje âld sjongtalint

25 apr 2008 - 11:24

De audysjes foar de foarstelling Twee oude vrouwtjes dy't spile wurdt by it Frysk Festival binne útsteld. Der hawwe har op dit stuit noch net genôch minsken oanmeld om in audysje hâlde te kinnen. Foar de foarstelling wurdt sjongtalint op leeftyd socht.

It giet om fjouwer manlju fan 75 jier of âlder dy't klassyk sjonge kinne. De audysje is ferskood nei ein maaie. Neist dat de foarstelling by it Frysk Festival spile wurdt, wurdt er takom jier ek yn België opfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)