Net straffe mar beleanje

25 apr 2008 - 11:18

Doarpen yn Achtkarspelen wurde net straft as der mei âld en nij in protte skea oanrjochte wurdt. De gemeenteried sjocht dêr net folle heil yn. B&W hiene foarsteld om skea mei de jierwiksel te ferheljen op de doarpen dêr't dat bart.

De ried fynt dat je doarpen better beleanje kinne as alles goed ferrint. Dêr moat yn it foar mei de pleatslik belangen oer praat wurde. De skea mei de lêste jierwiksel wie 75.000 euro. It jier dêrfoar wie dat 70.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)