100 bekeurings by kontrôle

25 apr 2008 - 10:52

De plysje fan It Hearrenfean hat tongersdei en woansdei 100 bekeurings útdield foar it oertreden fan de miljeuwet en foar ferkearsoertredings.

By kontrôles yn gearwurking mei Steatsbosbehear en it Fryske Gea giene minsken op de bon omdat har hûn los rûn yn natuergebieten of omdat se ôffal oan it ferbaarnen wiene. Guon frachtweinsjauffeurs krigen in bon omdat se te lang achter it stjoer sieten of te folle lading hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)