Winst Afvalsturing Friesland

Afvalsturing Friesland is ûnderdiel fan Omrin
Afvalsturing Friesland hat ferline jier in netto risseltaat fan oardel miljoen euro helle. Dat is 350.000 euro mear as it jier derfoar. De stiging komt troch fertsjinsten foar it ferwurkjen fan grûn fan in âld stoart en in goed risseltaat by in ûnderdiel fan Afvalsturing.
De direksje is bliid mei de jiersifers, want de tariven foar de smoargensferwurking binne sakke. Boppedat stapte Smellingerlân ferline jier út it gearwurkingsferbân.