Himpplantaazje ûntromme

25 apr 2008 - 10:35

Yn in hûs oan it Zenegroen yn Ljouwert is tongersdei in himpplantaazje ûntromme. Ynspekteurs fan enerzjybedriuw Essent hiene ûntdutsen dat der yllegaal stroom ôftape waard en warskôgen de plysje.

Op de soulder fûn de plysje in kwekerij mei 355 planten. De planten en de apparatuer dy't dêrfoar nedich is, is yn beslach nommen en ferneatige. De bewenster fan it hûs wie net thús. De plysje sil noch mei har prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)