Omset kasino 15 miljoen euro

Yn 2007 195.000 besikers
It Holland Casino yn Ljouwert hat ferline jier 195.000 besikers hân. Dy joegen mei-elkoar goed 15 miljoen euro út. 2007 wie it earste folsleine jier dat it kasino iepen wie.
Ferline jier hawwe der hast 850 petearen west mei besikers dy't faker as gemiddeld yn it kasino te finen wiene. By jongeren wurdt sa'n petear nei seis besites hâlden, by folwoeksenen nei acht. It kasino docht dat om gokferslaving tsjin te gean.