Ljouwerters slaan hûn dea

© Omrop Fryslân
In man en in frou (45 en 40 jier) út Ljouwert ha in hûn mei in klauhammer deaslein om't it bist tefolle ferhierre. De twa hawwe it bist meinaam nei in park. Dêr sloech de man de hûn de kop yn. De frou hat it bist dêrnei yn in ôffalkontener smiten.
De twa binne woansdei oppakt troch de plysje. Se ha bekend en binne wer loslitten yn ôfwachting fan in eventuele rjochtsaak.