Akkoart oer ûntwerp Heak

24 apr 2008 - 12:50

Ein dit jier kin de ynspraak begjinne oer it trasee-ûntwerp foar de Heak om Ljouwert. De nije rûnwei liedt ferkear út de rjochting Harns om Ljouwert hinne nei Drachten.

De gemeente Ljouwert is akkoart mei de útwurking fan it megaprojekt. De gemeenten Menameradiel, Littenseradiel en de provinsje moatte dat noch dwaan. Dan nimt ferkearsminister Eurlings in beslút oer de nije dyk. As der net tefolle beswieren binne, kin ein 2009 begûn wurde mei de oanlis fan de Heak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)