Mear wittenskiplik ûnderwiis

© Omrop Fryslân
De provinsje wol ûndersykje litte watfoar wittenskiplike ûndersiken yn Fryslân dien wurde kinne. In kommisje moat dúdlikheid jaan oer de juridyske mooglikheden fan de festiging fan wittenskiplik ûnderwiis. In eigen universiteit is net helber, wol binne der mooglikheden foar dependânses fan universiteiten.
De trije Fryske hegeskoallen moatte yntinsiver gearwurkje of mooglik fusearje. Dat is fan belang foar it slagjen fan de plannen.