Nijbou NHL miljoenen djoerder

Nijbou NHL falt miljoenen djoerder út
De nijbou fan de NHL kostet 29 miljoen euro mear as yn 2004 rûsd wie. Dat komt om't boukosten heger wurden binne en it âlde part fan de hegeskoalle yn Ljouwert moast brânfeilich makke wurde. Ek de kosten foar ekstra foarsjennings lykas in fytsekelder, duorsume klimaatbehearsking en de ferhúskosten sitte no yn it budzjet fan mei_elkoar 89 miljoen euro.
Neffens de NHL kinne de ekstra kosten opfongen wurde yn de eksploitaasje troch geunstige lieningen.