Skipfeartmuseum wreidet út

23 apr 2008 - 23:26

De freoneclub fan it Frysk_Skipfeartmuseum yn Snits lûkt 8 ton út foar in yngreven ferbouwing. It bedrach wurdt bekostige út in tal grutte erfenissen dy't it museum earder krigen hat. Oan de provinsje en de gemeente Snits is frege oft sy beide ek acht ton bydrage wolle.

De yngong fan it skipfeartmuseum komt yn in nij oankocht gebou oan it Lytssân 16. Ek komt dêr in lift sadat it gebou better tagonklik wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)