De Jouwer wer haadklasser

Sportclub De Jouwer is kampioen wurden (foto Martin de Jong)
Sportclub De_Jouwer is woansdeitejûn sûnder sels te spyljen kampioen wurden fan de sneinsearsteklasse. Sportclub Erica, de iennichste konkurrint fan de Jousters, kaam yn de ynhelwedstriid yn en tsjin Hoogeveen net fierder as in 0-0 lykspul. Troch dat punteferlies is de ploech fan trainer Wieb_Rodenhuis net mear yn te heljen.
Foar De_Jouwer betsjut it dat de ploech nei ien jier weromkomt yn de haadklasse. Snein wurdt de kompetysje thús ôfsletten tsjin Appingedam.