Stroomsteuring duorret 4 oeren

© Omrop Fryslân
Enerzjybedriuw Essent besjocht oft 4000 húshâldens yn Camminghabuorren en 250 bedriuwen op bedriuweterrein De_Himrik yn Ljouwert rjocht hawwe op kompensaasje foar de grutte stroomsteuring fan woansdei. As in steuring langer duorret as fjouwer oeren, krije húshâldens 35 euro kompensaasje en bedriuwen nei rato fan de swierte fan 'e oansluting.
By wurksumheden waard troch in kabel board. De steuring duorre likernôch fjouwer oeren.