Sulejmani talint fan it jier

Sulejmani yn aksje tsjin Ajax (foto Martin de Jong)
Miralem_Sulejmani fan SC_Hearrenfean is troch de Johan_Cruijff_Foundation útroppen ta fuotbaltalint fan it jier. De oanfaller krige fan de sjuery fan alve minsken mear stimmen as Bruins fan Feyenoord en Marcellis fan PSV.
Sulejmani is de opfolger fan Ibrahim Afellay, dy´t de priis it foarige seizoen wûn. De sjuery stie ûnder lieding fan Cruyff en bestie fierder út ûnder oare Van_Basten, Vergoossen, Van_Hanegem, Van_Marwijk, Danny_Blind, Adrie_Koster en Wim_Jansen.