Maatregels Westereen-Velocitas

Byld fan de fjochtpartij ûnder de wedstriid Velocitas - De Westereen, ein ferline jier
De boargemaster fan Dantumadiel hat foar takom snein in needferoardering ôfkundige. Dat hat te krijen mei mooglike rellen by de fuotbalwedstiid fan De_Westereen tsjin Velocitas út Grins. De wedstriid moat spile wurde sûnder publyk fanwege ûngeregeldheden by in eardere wedstriid tusken beide ploegen dit seizoen. It terrein om it fjild wurdt ôfset mei stekken en fan sân oere moarns oant seis oere jûns bewaakt troch de plysje.