Nij Saailân, ja of nee?

23 apr 2008 - 16:50

De gemeenteried fan Ljouwert praat woansdeitejûn oer it ekstra jild foar it projekt-Nij_Saailân. Der is in bedrach fan 8,5 miljoen euro ekstra nedich om it nije Fries_Museum, winkels, huzen en in parkeargaraazje te realisearjen. Dat is mear as twa kear safolle as de gemeente dêrfoar reservearre hie.

De ried hat in_protte krityk op de folle hegere kosten. It is de fraach oft de politisy dêr akkoart mei gean. Dêr is grutte ferdieldheid oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)