B'him: muoite mei tafersjoch

23 apr 2008 - 14:20

De ried fan Boarnsterhim hat grutte problemen mei it finansjeel tafersjoch fan de provinsje. De mearderheid fan de ried wol protestearje tsjin it provinsjaal beslút om gjin jild út te lûken foar it fytspaad Grou-Warten.

Boarnsterhim hat grutte jildpine en stiet dêrom ûnder tafersjoch fan de provinsje. Riedsleden fine it frjemd dat de bydragen oan grutte provinsjale projekten wol goedkard wurde en it fytspaad Grou-Warten net. It fytspaad is fan grut belang foar de feiligens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)