Drachtsters steure fleantugen

© Omrop Fryslân
In groep fan sân jongeren út Drachten hat troch eigen radio-útstjoerings ûnbewust it radioferkear fan it fleanfjild fan Eelde steurd. It Agintskip_Telecom hat de apparatuer fan de jongerein yn beslach naam en prosesferbaal opmakke tsjin de haadfertochte. Dy is 18 jier âld.
De jongeren tusken de 14 en 18 jier makken yn in Drachtster flat radio-útstjoerings mei muzyk. Se hiene mei harren stjoerder in berik fan Ljouwert oant Slochteren.