Izerrôf: 2 Ljouwerters oppakt

23 apr 2008 - 10:17

Op de A32 hat de plysje tiisdei twa Ljouwerters oanhâlden op fertinking fan it stellen fan izer. By in bedriuw yn Wolvegea wie earder dy middeis izer stellen.

In meiwurker fan it bedriuw hie op it plysjeburo in tige krekte omskriuwing fan de fertochten jûn, sadat de plysje de manlju al op de autodyk achterhelje koe. Se hiene in 'ploertendoder' en twa rollen mei nij stieltried by harren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)