"Mear Turken yn de soarch"

22 apr 2008 - 21:34

Der moatte mear Turken wurkje yn de soarch. Om dat te realisearjen hat de Noardelike Hegeskoalle Ljouwert in delegaasje fan in Turkse universiteit útnoege. It foel de NHL op dat der gjin studinten fan Turkse komôf binne dy't in soarchoplieding dogge. Dat komt troch in grut kultureel ferskil of in ferskil in religy.

Yn febrewaris hat der in groep fan de NHL nei Turkije west en no binne de Turken dus yn Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)