Werf wint ûndernimmerspriis
Skipswerf De Vries yn Makkum is keazen ta Fryske ûndernimming fan it jier 2008. Op de fleanbasis Ljouwert waard tiisdeitejûn de winner bekendmakke troch kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels.
Neist de jachtbouwer sieten ek yngenieursbedriuw AP van den Berg fan It Hearrenfean en Baarsma's Winegroup fan 'e Gordyk yn de finale.