Jubileumfeest yn tinte mei net

© Omrop Fryslân
Hotel Oostergoo yn Grou mei fan de gemeente it 150-jierrich bestean net fiere yn in tinte op plein It_Grien. Boarnsterhim stiet tolve eveneminten op It_Grien ta. Mei it feest fan it hotel soene it te folle wurde.
De eigner fan it hotel wol noch net op de ôfwizing reagearje. Hy hat de wegering wol yn it gemeentlik blêd lêzen, mar noch gjin offisjeel berjocht fan de gemeente hân.