Nije hal by kwekerij Hartman

Kwekerij Hartman yn Seisbierrum nimt tiisdei in nije ferpakkingshal yn gebrûk. Dy is ûnderdiel fan de útwreiding fan it Seisbierrumer kassekompleks dêr't mei-inoar achthûndert ekstra banen komme moatte.
Wurkleazen út Ljouwert kinne ek yn 'e kassen oan 'e slach. Se sille mei buskes ferfierd wurde en se krije in kontrakt nei in proeftiid. Santich wurkleazen binne al oan it wurk. Hartman leveret oan Albert Heijn.