H'fean: 18 jongeren oanhâlden

© Omrop Fryslân
Achttjin jongeren út It Hearrenfean binne de ôfrûne tiid oanhâlden foar fernielings yn harren wenplak. It giet om jongeren tusken de tsien en sechtjin jier. Yn jannewaris en febrewaris fernielden se ruten fan skoallen en mei âld en nij ha se ek in plaknambuorden mei fjoerwurk fernield.
Omdat sân fertochten jonger binne as tolve jier, kinne se net ferfolge wurde. Alle achttjin jongeren binne trochstjoerd nei buro Halt. Dêr leare se wat se ferkeard dien hawwe.