Ljepbûn optein oer lasermjitte

22 apr 2008 - 07:39
  • Noch in pear wike en it fierljeppen begjint wer (foto Martin de Jong)

De leden fan it Frysk fierljepbûn hawwe de nije digitale mjitmetoade moandeitejûn op de jiergearkomste posityf ûntfongen. De metoade hâldt yn dat de ôfstân fan de sprong mei laser metten wurdt. De ljeppers krije noch wol de 2,5 minút de tiid om de sprong te meitsjen, mar de útslach is flugger te sjen.

De akkommodaasjes moatte foar 2010 noch wol harren sânbêden langer meitsje om't der hieltyd fierder sprongen wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)