Finkegea bang foar romjen hôf

Michiel Kranendonk wol yn de tsjerke wenje, it doarp hat dêr muoite mei
De tsjerke fan Finkegea moat ferboud wurde ta doarpshûs. Dat wol de 'Stifting Behâld Finkegea'. It projekt moat 250.000 euro kostje en derom hat de stifting de stipe fan de gemeente Westellingwerf nedich.
Moandeitejûn is it plan oanbean oan de gemeenteried. De tsjerkeried is lykwols eigner fan it tsjerkje en wol it gebou en it hôf ferkeapje oan in partikulier, dy't der yn wenje wol. It doarp is bang dat de keaper dan in part fan it hôf romje sil.