Fryske Anjer foar Princessehof

Princessehof yn Ljouwert hat moandei de Fryske Anjer krigen
Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hat moandei de Fryske Anjer krigen. De Anjer giet elts jier nei organisaasjes of persoanen dy't him of har ynsette foar de Fryske kultuer of natuer.
It Princessehof krijt de priis yn ferbân mei de ynternasjonale útstrieling dy't it museum hat. Nei de ferbouwing fan ferline jier is it museum oantreklik foar jong en âld, sa skriuwt it kultuerfûns.