Kalme training Tibet

21 apr 2008 - 17:16

It Tibetaanske alvetal hat moandei yn Langsweagen in kalme training ôfwurke ûnder lieding fan Maarten de Jong. It wie earst it doel dat Foppe de Haan de training jaan soe, mar doe't bliken die dat dêr in soad media op ôfkaam seach de bûnscoach hjir mar fan ôf.

Sûnder De Haan bleau it rêstich yn Langsweagen. Der wie gjin plysje, gjin ûnrêst en mar in bytsje media. It Tibetaanske team bestiet út flechtlingen, dy't yn Noard-India wenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)