Ljouwert:mear dwaan mei wetter

21 apr 2008 - 16:39

Ljouwert wol foarop rinne op it mêd fan wetter. En dan giet it fral om wettertechnology, lyk as by Wetsus. Dat stiet yn de nije stedsfyzje fan Ljouwert oant 2020 mei de titel 'Fier Verder! It giet hjir om de opfolger fan 'Varen onder eigen Vlag' út 2006.

De nije fyzje is moandei presintearre op it stedhûs. Ek foar kultuer en ûnderwiis is in protte omtinken yn de nije fyzje. Sa wol Ljouwert yn 2018 in jier lang de kulturele haadstêd fan Europa wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)