Sluiter:jou allochtoanen romte

21 apr 2008 - 12:30

Der wurdt tefolle mei in fergrutglês sjoen nei de aktiviteiten fan allochtoane organisaasjes. Dat moat feroarje omt se oars har wurk net goed dwaan kinne, seit wethâlder Sluiter fan Ljouwert. Neffens him wurdt fan allochtoane organisaasjes tefolle ferwachte wylst ek dy de tiid hawwe moatte om wat del te setten.

Autochtoane organisaasjes hawwe wat dat oangiet mear kredyt, wylst dy faak deselde flaters meitsje, sa seit Sluiter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)