Man kollekteart foar himsels

© Omrop Fryslân
In frijwilliger fan de Ljouwerter Dierenambulance is sneon op 'e die trapearre, doe't er foar himsels oan it kollektearen wie. Yn in jas fan 'e Dierenambulance gie er yn de Ljouwerter Vrijheidswijk de doarren del mei in sparpot.
De warskôge foarsitter fan it Dierenambulance-bestjoer koe de man betraapje en hat de man oan de plysje oerdroegen. De Dierenambulance biedt ekskuses oan foar it foarfal.