Fryske silers yn Hyères

© Omrop Fryslân
Pieter Jan Postma stiet nei twa wedstriden yn de Olympyske Sylwike fan Hyères op it fjirde plak yn de Finn. De ynwenner fan Terkaple wûn de earste en waard sânde yn de twadde wedstriid. Marit Bouwmeester fan Warten waard yn de Laser Radial klasse ek in kear earste. Yn de twadde race waard se 14e. Yn de tuskenstân is Marit njoggende.
Marije Faber fan Toppenhuzen stiet fan de Fryske Yngling sylsters mei it sânde plak it heechste yn de stân.