Lieuwe Westra bêst yn Frankryk

20 apr 2008 - 18:56

Lieuwe Westra fan Mûnein is yn de Tour du Loir-et-Cher yn Frankryk as sechsde einige yn it einklassemint. Nei fiif etappes gong de winst nei de Sweed Christofer Stevenson. De KrolStone-ploech fan Lieuwe helle trije deioerwinnings: twa kear Jos Pronk en ien kear Niels Scheuneman.

Marcel Beima fan Hurdegaryp ried ek yn Frankryk. Hy waard nei 4 etappes yn de Rhône-Alpes Isère Tour 23ste yn it einklassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)