Nije eksposysje Fries Museum

De Kleur van Friesland. Dat is de namme fan in nije eksposysje yn it Fries Museum. De eksposysje is gearstald troch Huub Mous. Hy ûndersocht alle keunst dy't makke is nei 1945 om te sjen oft der in Fryske identiteit yn te ûntdekken is. De eksposysje heart by in boek dat er hjiroer skreaun hat: 'De kleur van Friesland, beeldende kunst na 1945'.
Sneon waard de eksposysje iepene. Dy is noch oant ein augustus te sjen yn it museum.