Lopend Vuur-jûn yn Romein

20 apr 2008 - 17:05
  • Monstertux sil spylje op jûn fan muzyk en nije media yn Romein

Yn poppoadium Romein is op 22 maaie in konsertjûn dêr't muzyk en nije media yn sintraal stean. Under de namme Lopend Vuur Offline wurdt fergees muzyk ferspraat oer de mobile telefoan fan 'e besikers. Dy kinne boppedat mei de helte koarting in kaartsje krije as se fiif freonen op 'e hichte bringe fan it evenemint.

De fjouwer groepen dy't spylje op 'e jûn binne: Believeisadoubt, Jean Parlette, Parkside en Monstertux.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)