Jas befeilingsman kapotskuord

© Omrop Fryslân
By in rûzje mei in befeiligingsmeiwurker yn Dokkum is dy syn jas stikkenskuord. De meiwurker hie yn in hoarekagelegenheid oan 'e Oranjewâl lêst fan in 19-jierrige Eanjumer. Earst wie it inkeld skellerij en ferbale bedriging. Letter waard de rûzje fizyk wêrby't de jas stikkenskuorde.
De jongeman is oppakt troch de plysje. Hy sit fêst foar neier ûndersyk. Hy wurdt fertocht fan bedriging.