Kezinen mei ruten op A7 fallen

20 apr 2008 - 15:04

Op de A7 by Wolvegea hat in automobilist sneon trije kezinen mei glês deryn ferlern. Se foelen fan 'e karre dy't de ynwenner fan Almere achter de auto hie. Der stiene mear kezinen op 'e oanhingwein.

In motorrider seach it foarfal, sette de motor oan 'e kant en helle de kezinen fan 'e wei. Der lei in soad glês op 'e wei. De plysje seach de feroarsaker op 'e oare rydbaan oankommen en hat him prosesferbaal jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)