Aris kânsleas tsjin Weert

20 apr 2008 - 14:52

Aris hat sneontejûn de lêste kompetysjewedstriid ferlern. Yn in grôtfolle sporthal It Kealledykje yn Ljouwert slaggen de manlju fan coach Tony van den Bosch der net yn it trouwe publyk in moaie jûn te bieden.

Aris ferlear kânsleas fan Upstairs_Weert mei 102-131. Al nei it earste kwart wie der in gat fan 20 punten. De Ljouwerters rûnen de hiele wedstriid achter de feiten oan. Dillion Sneed makke 29 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)