Boek en cd fan Roel Slofstra

Trûbadoer Roel_Slofstra hat sneon yn Oentsjerk syn nijste cd en in boek mei songteksten presintearre. De cd hjit 'Wis en wrachtich' en it boek 'Alter ego'. De teksten binne ôfkomstich fan songs op 'e nijste cd en Slofstra syn foarige cd. Yn it boek stean ek brieven oan Slofstra 'syn kearel' Frits_Schmidt. It boek is útjûn by de Afûk. It is foar it earst dat dy útjouwerij songteksten yn boekfoarm útjout. Der wiene 100 minsken by de presintaasje.