Mishanneling yn kafee

20 apr 2008 - 13:25

Twa manlju út Lúnbert en Tsjalbert binne sneontenacht yn it sikehûs opnaam, nei't se mishannele wienen op 'e Gerdyk. De twa waarden yn in kafee slein en skopt troch trije ynwenners fan Hattem. De plysje koe de trije oanhâlde yn harren wenplak en hat se dêrnei nei it plysjeburo yn Drachten brocht. Dêr binne se fêstset.

De plysje wit noch net wat de reden is foar de mishanneling. Mooglik wurde der noch mear minsken oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)