Lekkende frachtwein op A7

20 apr 2008 - 13:05

De A7 by Snits wie sneon foar in part ôfsletten om't de dyk sjippeglêd wie troch disel. In frachtwein lekte nei't er oer in ôfbrutsen noastsjil fan in karavan riden wie. It ding sloech in gat yn 'e tank. De disel lekte yn de berm en op 'e dyk. Rykswettersteat moast in part fan 'e berm ôfgrave om foar te kommen dat der noch mear disel op de dyk telâne kaam. Nei trije oere wie de dyk skjin en koe er wer iepen foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)