Cambuursupporters wer frij

20 apr 2008 - 11:11

Alle 64 Cambuursupporters dy't freed by ûngeregeldheden yn Arnhem oppakt waarden binne wer frij. Sneontemoarn waarden al acht supporters frijlitten omdat út kamerabylden bliken die dat sy neat mei de ûngeregeldheden te krijen hienen.

Yn de rin fan sneon binne ek de oare supporters frijlitten. Neidat se heard wienen is tsjin har proses-ferbaal opmakke fanwege iepenlike geweldpleging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)